Ingezonden brief | De Fryske Marren ferleget it nivo Frysk

Joure

It kolleezje fan de gemeente De Fryske Marren stelt út om by harmonisaasje fan de kombuorden de Nederlânske namme boppe de Fryske namme te setten.

Dêrmei giet it kolleezje foarby oan de ôfspraken dy’t earder makke waarden yn de Bestjoerlike oerienkomst Frysk taalbelied fan 4 novimber 2013 dy’t nedich wie om wat de Fryske taal oanbelanget oan it “Europeesk Hânfest foar regionale talen of talen fan minderheden” te foldwaan. (kêst 4, twadde lid en kêst 7, lid 1.b.) Fansels hawwe de bestjoerders fan De Fryske Marren te krijen mei nochal útienrinnende sitewaasjes oangeande de talen op de kombuorden. Soks giet fan Terherne mei in ientalich Frysk komboerd oant de plakken fan it eardere Lemsterlân mei syn ientalich Nederlânske kombuorden.

Lokkigerwize hie de eardere gemeente Gaasterlân-Sleat al sûnt de jierren tachtich de Frysktalige namme boppe de Nederlânske stean en soe dêrmei in prachtich kompromis wêze. Yn dy Bestjoerlike oerienkomst Frysk taalbelied (kêst 3 en kêst 7) hawwe it Ryk, de Provinsje Fryslân en de gemeenten Boarnsterhim, Gaasterlân-Sleat, Lemsterlân en Skarsterlân ûnderskreaun dat nei de weryndieling it nivo Frysk op syn minst op itselde nivo bliuwe soe.

Fansels kinne bern begripe dat de oergong foar de ynwenners fan it âlde Lemsterlân te grut wêze soe, as jo dêr mei ientalich Fryske kombuorden oankomme soene. Mar sokke selde bern begripe ek skoan dat as jo net it Frysk mar it Nederlânsk boppe-oan sette jo dêrmei it nivo fan it Frysk foar in grut part fan de gemeente ferleegje. No giet gemeentepolityk faker oer it plús as oer de hantekening dêr’t jo foar steane. Mar it falt ús bot ôf dat krekt de Christen Unie en de NCPN wòl en de bestjoerders fan ûnder oare de FNP nèt goed binne foar harren hantekening!

Topografyske Wurkgroep Fryslân


Auteur

admin