Lêste oprop: fertaalwedstryd ‘Lytse Obe’

FRYSL

ÂN Noch in pear dagen om mei te dwaan oan dé nijste priis yn Fryslân: ‘De Lytse Obe’. Op freed 9 septimber wurdt op it Frysk Boekefeest by Tresoar de Obe Postmapriis útrikt, foar de bêste fertaling nei of út it Frysk.

Ynternettydskrift Skanomodu en útjouwerij Regaad organisearje foarôfgeand in ‘Lytse Obe’-fertaalwedstryd, dêr’t elk oan meidwaan kin. Om mei te dwaan, moatte dielnimmers in tekst fan maksimaal 150 wurden oersette. De tekst mei fan alles wêze: in gedicht, proaza, in liettekst, wat dan ek. It mei oerset wurde nei it Frysk of út it Frysk wei, it hindert neat hokker taal. De bêste fertalings wurde yn in spesjaal boekje publisearre. Oersette is in keunst en fertalingen ferrykje de Fryske literatuer. Mei dizze wedstryd wolle wy de keunst fan it oersetten ûnder Fryske taalbrûkers stimulearje. De winner fan de Lytse Obe wurdt bekendmakke op freedtemiddei 9 septimber, op Teaterskip de Bald'r, dat spesjaal foar de gelegenheid yn de Prinsetún lizze sil, fuort efter Tresoar. Op de Bald'r wurdt nammentlik in spesjale, feestlike middei organisearre oer oersetten yn de Fryske literatuer. Dan sil ek it boekje mei de bêste ynstjoerde oersettings presintearre wurde. De middei is de opmaat foar it Fryske Boekefeest fan dy jûns, yn Tresoar. De oersetting moat foar 15 augustus opstjoerd wurde nei skanomail@skanomodu.nl.

Auteur

Brenda van Olphen