Doch mei oan it Grut Frysk Diktee op Omrop Fryslân

FRYSL

ÂN It jierlikse Grut Frysk diktee is op woansdei 11 maaie fan 18.20 oere ôf te sjen op Omrop Fryslân Telefyzje. Yn de Steateseal fan it Provinsjehûs bûge 45 dielnimmers, wêrûnder tsien bekende Friezen, harren oer it diktee. Folgje thús de prestaasjes fan de dielnimmers of pak pinne en papier en doch sels ek mei.

De tekst fan it Grut Frysk Diktee is skreaun troch skriuwer/sjoernalist Sietse de Vries en hat as tema generaasjeferskillen. De staveringsoanpassing fan 2015 is dit jier foar it earst fan tapassing. Jan Ybema, de winner fan foarich jier, sil syn titel ferdigenje. Hy nimt it ûnder oaren op tsjin de 34 oare dielnimmers dy’t harren pleatst hawwe foar de finale en in tal bekende Friezen. De bekende Friezen binne foarsitter Wiebe Wieling fan 'e Alvestêdeferiening, presintatoaren Welmoed Sijtsma fan it Jeugdjournaalen Douwe Heeringa fan Omrop Fryslân, de deputearren Sietske Poepjes en Johannes Kramer, keatser Chris Wassenaar, aktrise Tamara Schoppert en muzikanten Anneke Douma, Janneke Brakels en Meindert Talma. Op telefyzje, app en website It diktee wurdt útstjoerd op woansdei 11 maaie om 18.20, 20.20 en 22.20 oere op Omrop Fryslân Telefyzje en is ek te folgjen fia de app en de website fan de Omrop. Karen Bies fan Omrop Fryslân presintearret it programma. De goede stavering en útslach fan it diktee wurde yn it programma bekend makke en binne letter ek nei te sjen op de websites fan de Omrop en de Fryske Akademy: www.omropfryslan.nl/fryskdiktee en www.fryske-akademy.nl/diktee2016. Lyts Frysk Diktee Tiisdeitemiddei 10 maaie is it Lyts Frysk Diktee foar bern fan de basisskoalle. Oan dat diktee dogge 18 learlingen mei fan 9 ferskillende skoallen. It Lyts Frysk Diktee is skreaun troch skriuwer/skoalmaster Thys Wadman, dy’t it diktee ek foarlêze sil. Organisaasje It Grut (en Lyts) Frysk Diktee wurdt organisearre troch de Afûk, Cedin Expertisecentrum Meertaligheid, Provinsje Fryslân, de Fryske Akademy en Omrop Fryslân. De sjuery fan it diktee bestiet út Mirjam Vellinga (Afûk), Jelle Bangma (Cedin) en Hindrik Sijens (Fryske Akademy).

Auteur

Brenda van Olphen