Weidevogelstand in gebieden met agrarisch natuurbeheer stabiel

Dokkum

Scroll naar beneden voor de Friestalige versie

KOLLUM - De stand van de weidevogels is weer stabiel in gebieden waar boeren aan agrarisch weidevogelbeheer doen. Het gaat om vogels zoals de kievit, grutto, tureluur en scholekster. Dit blijkt uit een rapport dat ecologisch onderzoeksbureau Altenburg & Wymenga opstelde. Het onderzoeksbureau deed dat in opdracht van de provincie Fryslân en BoerenNatuur. Gedeputeerde Johannes Kramer: ,,Dat it greidefûgelbehear troch ús boeren fertuten docht stimt my hoopfol en jout betrouwen foar de takomst. Want ús fûgels hawwe ék yn de takomst in soad soarch nedich." De stabiele stand van weidevogels treedt op als boeren samen agrarisch natuurbeheer toepassen. Bij zo’n gebiedsgerichte aanpak passen boeren hun bedrijfsvoering aan. Stel een boer heeft weidevogels op zijn land zitten. Dan stelt hij het maaien van die percelen uit. Ook kunnen boeren kruidenrijk grasland ontwikkelen. Of ze leggen natte percelen (plas-dras) aan. Dat zijn gunstige omstandigheden voor weidevogels. De agrarische natuurverenigingen (ANV’s) coördineren deze gebiedsgerichte aanpak. Deze aanpak lijkt aldus succes te hebben. Altenburg & Wymenga geeft ook aanbevelingen voor verdere verbetering. De kwaliteit van het beheer kan verbeteren door:
  • hogere grondwaterstand;
  • de hoeveelheid kruidenrijk grasland vergroten;
  • de oppervlakte van plas-dras vergroten;
  • manier van tellen van weidevogels door de Friese vogelwachten verbeteren.
(bijvoorbeeld door de alarmtellingen op het juiste tijdstip uit te voeren) De nieuwe boerencollectieven voor agrarisch natuurbeheer gaan met de aanbevelingen aan de slag. De collectieven zijn opgericht in 2015. Ze zetten het werk voort van de ANV’s op een meer professionele manier. De collectieven stellen gebiedsplannen op. Daarin staan de maatregelen voor de komende jaren. In de gebiedsplannen zijn al maatregelen opgenomen voor verbetering van weidevogelbeheer. Ook staan er maatregelen in voor de inrichting van de gebieden. Voorzitter Kollektivenberie Fryslân Wilco de Jong: ,,Het is mooi dat het werk van boeren in het agrarisch natuurbeheer dit effect heeft. Dat geeft de Friese collectieven het vertrouwen dat zij hun ambitie voor groei van de aantallen weidevogels kunnen realiseren.” Altenburg & Wymenga voerde een trendanalyse uit in Fryslân. Dit deed het onderzoeksbureau in acht representatieve steekproefgebieden met agrarisch natuurbeheer. Sinds 2000 werd de stand van de vier stellopers bijgehouden in deze gebieden. Er was sprake van een afname van de kievit, grutto en scholekster. Dat bleek uit cijfers tussen het jaar 2000 en 2008. De tureluur was al stabiel. In de periode tussen 2009 en 2015 stabiliseerde ook de stand van de kievit, grutto en scholekster. Voor de kievit komt dat door een sterke groei in 2015. Het aantal jonge vogels van de grutto en de tureluur dat erbij komt is vooralsnog voldoende om van een stabiele populatie te spreken. De aantallen moeten echter goed in de gaten worden gehouden. ------------------------------  Greidefûgelstân yn gebieten mei agrarysk natuerbehear stabyl KOLLUM - De tebekgong fan de greidefûgels kaam ta stilstean yn gebieten wêr’t boeren oan agrarysk greidefûgelbehear dogge. It giet om greidefûgels lykas de ljip, de skries, de tsjirk en de strânljip. Dit docht blyken út in rapport dat ekologysk ûndersyksbedriuw Altenburg & Wymenga opstelde yn opdracht fan Provinsje Fryslân en BoerenNatuer. Deputearre Johannes Kramer: ,,Dat it greidefûgelbehear troch ús boeren fertuten docht stimt my hoopfol en jout betrouwen foar de takomst. Want ús fûgels hawwe ék yn de takomst in soad soarch nedich." De stabilisaasje komt op yn de perioade dat de boeren in nije mienskiplike gebietsjochte oanpak mei agrarysk greidefûgelbehear tapasse. Neffens dizze oanpak passe boeren hun bedriuwsfiering oan. Op greiden mei greidefûgels stelle se it meanen út. Mar ek ûntwikkelje se greidlân mei in soad krûden en lizze se wiete stikken lân (plasdras) oan. De oanpak wurdt koördinearre troch agraryske natuerfernienings (ANV’s). Dizze oanpak liket foarearst sukses te hawwen. Altenburg & Wymenga jout ek oanbefellings foar fierdere ferbettering. De kwaliteit fan it behear kin noch ferbettere wurde troch de grûnwetterstân heger yn te stellen, mear greidlân mei in soad krûden te ûntwikkeljen en mear plasdras-gebieten oan te lizzen. De fûgels wurde teld troch Fryske fûgelwachten. De wize fan tellingen kinne oars oanpakt wurde. Bygelyks troch de alarmtellings op it juste tiidstip út te fieren. De nije kollektiven foar agrarysk natuerbehear pakke de oanbefellings op. De kollektiven binne oprjochte yn 2015 en sette it wurk fan de ANVs troch op in mear profesjonele wize. De kollektiven ha yn hun gebietsplannen foar de kommende jierren al maatregels naam foar ferbettering fan it behear en ynrjochting fan hun gebieten. Foarsitter Kollektivenberie Fryslân Wilco de Jong: ,,It is moai dat it wurk fan boeren yn it agrarysk natuerbehear san effekt hat. Dat jout de Fryske kollektiven it fertrouwen dat sy hun ambysje foar groei fan it oantal greidefûgels realisearje kinne". Altenburg & Wymenga hat in trendanalyze dien yn acht represintative stekproefgebieten mei agrarysk natuerbehear, ferspraat oer Fryslân. Yn dizze gebieten binne sûnt 2000 de risseltaten foar de fjouwer steltrinnersoarten byhâlden. Fan 2000 oantenmei 2008 wie der noch sprake fan in tebekgong fan de ljip, de skries en de strânljip. De tsjirk wie doe al stabyl. Yn de perioade fan 2009 o/m 2015 stabilisearret ek de stân fan de ljip, de skries en de strânljip. Foar de ljip komt dat troch in sterke groei yn 2015. It tal jonge fûgels fan de skries en de tsjirk is earst genôch om fan in stabile populaasje te sprekken, mar de oantallen moatte wol goed yn ‘e gaten hâlden wurde.

Auteur

Marike Van der Molen