Ingezonden: betrouwbere polityk

Over ingezonden stukken kan niet worden gecorrespondeerd. Zij kunnen ook niet worden teruggezonden. Anonieme inzendingen worden niet in behandeling genomen. De redactie behoudt zich te allen tijde het recht voor de stukken in te korten en houdt zich niet verantwoordelijk voor de inhoud.

Betroubere polityk....

Wat foar doel hat it nije systeem fan PETEAR yn de gemeente de Fryske Marren? Om tichter by de minsken te stean? Alteast dat wie de útlis fan de gemeente. Mar wy ha no sjoen dat alles al ”yn kalk en sement wie” en it petear in mearke is om de minsken it gefoel te jaan dat harren opmerkings mei telle sille by in te nimmen beslút, want hoe kin it oars dat sa as by it petear oer de sânwinning, saakkundige ynsprekkers, ynsprekkers mei beswieren, en mear as 15.000 hantekeningen fan tsjinstanders oan de kant skowt wurde as wiene it allegear ûnnoazele betinksels. Op wa kinne wy fertrouwe ?

It FNP soe net betrouwber wêze en is oan de kant setten om’t sy nei it petear wol foar de boargers en natûr op doarre te kommen en sa mei de opposysje partijen NEE tsjin Sânwinner Smals sizze. Mar hoe sit it mei de VVD en it CDA? Sy litte it net bewiisde ferhaal, oer de stien dy’t it aksjekommite troch de rúten by VVD’er Storms smiten ha soe , troch súdderje. En at ik dan it slotpetear fan it CDA by de beslútfoarming op 13 febrewaris heard ha, soene dy it ek wol dien ha kinne, want der yn waar hiel maklik “mei modder” smiten nei FNP en alle opposysje partijen. Iit like wol as hie Smals it slotpetear skreaun. Ek al om’t de “selsmakke” deskundigen wer oanhelle waarden.

En dan stiet der yn de Ljouwerter krante fan freed 15 febrewaris in ynstjoert stik oer sânwinning yn it Flevomeer wêr at fisken en planten dea gien binne om’t der troch dy sânwinning hast as hielendal gjin soerstof meer yn it wetter siet en der foar de natûr net mear te libjen wie. Dit stik is skreaun troch in man dy’t it fanút syn eardere funksje by de “Rijksdienst voor drinkwater” it yn de praktyk meimakke hat en dat is dus sûnder oannames of soks sa wat, of is dat neffens, Smals, CDA en VVD ek in betinksel fan in ”selsmakke deskundige”.

At jo dit alles op in rige sette soe ik tsjin de polityk sizze wolle: Lit sjen dat jim “kont yn de broek” ha en skow net in partij oan de kant mar lit de bewenners sprekke troch nije ferkeizings út te skriuwen, dan kinne dy sels wol sjen litte yn wa at sy betrouwen ha.

Aldemardum, Rommert v.d. Veen.