Ingezonden brief | Sânwinning by Aldemardum

Wurdt it sânwinning projekt in polityk finansjeel projekt, want der begjint it al op te lykjen.

Der is troch in ferskaat oan minsken , wer ûnder ek minsken dy’t der neffens my wol ferstân fan ha, oanjûn dat it sânwinningprojekt net in goed plan is foar dizze omjouwing yn it Yselmar, dus der hoech ik no net fierder op yn te gean. Wat ik wol mei jim diele wol is myn betinken oer it hoe en werom at de gemeente- en profinsjale polityk it trochgean litte wol.

GroenLeven

Fan’e wike wie der yn’t nijs dat GroenLeven, it bedriuw fan sinnepanelen , troch de profinsje in twangsom oplein wurdt fan € 20.000 deis, mei in maksium fan € 500.000, dus kassa foar de profinsje en dit om’t sy te folle lûd makke ha by it pleatsen fan sinnepanelen en dat wie net neffens de fergunning, want it spylit yn in Natura 2000 gebied.

Smals wol yn it Yselmar, ek yn in Natura 2000 gebied syn wurk dwaan, mei lûdsoerlêst foar de omjouwing en alles wat der noch mear bykomt sa as in industry-eilân mei hege gebouwen, ensh. Dat is hiel wat oars as stille en platte sinnepanelen. Mar dit bedriuw hat wol in fergunning krigen en it sân bringt jild op, dus kassa foar de profinsje en dizze kear ek jild foar de gemeente, dus dûbbel kassa.

Rinkeljende kassa

Dan binne der njonken de polityk ek minsken dy’t gjin beswier ha tsjin de sânwinning want sy tinke oan de takomst foar bern en bedriuw, mar dat giet dan ek wer om jild. Yn myn eagen moat de profinsjale- en gemeente polityk net nei in rinkeljende kassa, mar goed nei harren ynwenners harkje, dy’t stride foar in leefbere omjouwing en dus moatte sy njonken harren stean gean om meiïnoar NEE tsjin de sânwinning te sizzen.

Dan is der noch in fraach wer at ik wol gjin antwurd op krije sil: Werom sil polityk Den Haag net yngripe at de gemeente polityk NEE tsjin Smals seit, of soene sy it swurk driuwen sjen en sa sels bûten skot bliuwe wolle at it op de iene as oare wize mis giet en de tsjinstanders gelyk krije ?

Rommert vd Veen, Aldemardum