Dichter Eppie Dam wint Cultuurprijs De Fryske Marren

JOURE - Dichter en schrijver Eppie Dam uit Sloten heeft woensdagavond de Kultuerpriis De Fryske Marren 2018 gewonnen. Hij schreef de bundel Ienkennich lânskip.

Er waren in totaal 13 genomineerden. In de laatste ronde bleven 4 kanshebbers over: Rockopera Tommy, Iepenloftspul Weispield, de Kinderboekendag van Terherne en Eppie Dam. De commissie bestond uit Karel Gildemacher uit Joure, Baukje Meetsma uit Lemmer en Anne Herrema uit Balk.

De karkommisje seit yn it sjueryrapport dat “it boek in útdaagjend en ynspirearjend projekt is, dat dichter Eppie Dam en byldzjend keunstner Gijs Dragt (fotografy) tegearre makken. Dy gearwurking hat laat ta in bysûndere dichtbondel. It boekwurk lit yn tachtich siden sjen hoe ’t beide keunstners it lânskip observearje en belibje en hoe't dat har ynspirearret. Derby joeg de kwaliteit fan de bondel njonken de bewûndering foar oar wurk fan Dam úteinliken de trochslach. Syn poëzy (en it oare wurk yn in grut ferskaat) is fan in heech nivo”.

It kolleezje fan Boargemaster en wethâlders hat it adfys fan de kommisje oernommen. Tagelyk is der ek grutte wurdearring foar de oare nominearden. Meinammen Weispield en Tommy hawwe de gemeente yn 2018 kultureel op de kaart set. De berneboekedei yn Terherne is in moai foarbyld foar oare plakken om de jeugd (de âlders en pakes en beppes) entoesjast te meitsje foar de Fryske taal. En dêr is de priis úteinliken ek foar bedoeld.