Sertifikaat foar Pjutteboartersplak ‘De Veenscheiding’ foar twatalich wurkjen

YCHTENBREGE - It wie feest op pjutteboartersplak ‘De Veenscheiding’. De lokaasje fan organisaasje Doomijn wurket sûnt maaie 2014 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen.

Sy hawwe it sertifisearringstrajekt no ôfrûne en it sertifikaat ‘pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling’ behelle. Yn it ramt fan de sertifisearring ‘wie in feest organisearre, foar de âlden en de bern. Manager fan Doomijn, Titie de Vries, hat it sertifikaat oan de liedsters oerlange. Sy die dat tegearre mei ien fan de bern. Sjoeke Kampen, dy’t de liedsters begelaad hat by it ynfieren fan it twatalich belied, hat in ferhaal fan Tomke foarlêzen. In bytsje in bysûnder ferhaal, want it is spesjaal foar ‘De Veenscheiding’ skreaun. Nei ôfrin wie der foar elk wat lekkers.

De Veenscheiding is de earste lokaasje fan organisaasje Doomijn dy’t it sertifikaat belle hat. Der binne noch in tal oare lokaasjes dy’t ek dwaande binne mei it trajekt.

Op pjutteboartersplak De Veenscheiding wurkje Tineke de Weerd en Wilma Spek. Tineke praat Frysk en Wilma praat Nederlânsk. Sy biede har eigen taal sa konsekwint mooglik oan, tsjin alle bern. De beide talen krije ek omtinken by aktiviteiten as foarlêzen en sjongen. Troch de talen dúdlik fan elkoar te skieden leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare.

Der hat in saneamde fisitaasjekommisje by De Veenscheiding west te sjen en sy skriuwt yn har rapport ûnder oaren: ‘De liedsters sjogge ûntwikkelingsmominten en gripe dy oan. Op ferskate mominten gean de liedsters mei de bern yn petear. De liedsters nimme de tiid om mei de bern te boartsjen, mei harren te puzzeljen, ensfh. Se jouwe suggestjes en dage de bern op in positive en boartlike wize út. Se witte in goede en feilige sfear te kreëarjen, sadwaande kinne de pjutten har goed ûntwikkelje.’ En: ‘It wie in noflike moarn op de Veenscheiding. Ik ha twa betûfte liedsters oan it wurk sjoen. Se ha nocht oan wat se dogge en it is te fernimmen dat de bern harren op har plak fiele. De liedsters ha it goed foar elkoar en wurdearring is dan ek op syn plak.’

By it sertifisearringstrajekt krijt berndeiferbliuw Woudfennen begelieding fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang. By it SFBO binne rom 200 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.