Stimme foar meast populêre Fryske Telefyzjereklame fan 2018

De Fryske Marren - Friezen kinne oant en mei 7 july stimme foar de Fryske Telefyzjereklame Publykspriis. Sy kinne flot in kar meitsje út trije nominearre spotsjes en harren stim útbringe op www.fryskereklamepriis.frl.

Under alle stimmers wurdt in iPad mei in wearde fan €380 ferlotte. Begjin july wurdt bekend makke hokker spotsje de measte stimmen krige hat en dêrmei de Fryske Telefyzjereklame Publykspriis wûn hat. De winner kriget in sjek fan €750 en it ferneamde byldsje fan Grutte Pier.

De trije nominearre spotsjes/bedriuwen binne: “Grutsk op ús greidefûgels”, “Wy hâlde fan netsjes” fan Aquacell en “De fytsesaak fan Joop Zandberg”.

It doel fan de Fryske Reklamepriis is it stimulearjen fan it brûken fan de Fryske taal yn reklame-uteringen. De Fryske Reklamepriis is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging en wurdt sûnt 1995 organisearre.