Oant 12 maaie noch ynstjoere foar Rely Jorritsmapriis

Fryslân - Wa’t gading meitsje wol nei in Rely Jorritsmapriis, kin noch oant 12 maaie syn of har ferhaal en/of gedicht ynstjoere.

De sjuery, dy’t de ynstjoeringen anonym hifket, kin op syn meast fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei 1000 euro.

De ynstjoeringen moatte digitaal as bylage ferstjoerd wurde oan ynfo@stiftingflmd.nl Namme, adres en telefoannûmer fan de ynstjoerders moatte yn de e-mail fermeld wurde, mar bliuwe geheim foar de sjuery, besteande út Karen Bies, Douwe Kootstra en Inge Heslinga. Foar mear ynformaasje sjoch de webside www.stiftingflmd.frl of skilje mei Antje Postma, tel. 0653127799.