Tryater spilet Doarp Europa by Polem BV op ‘e Lemmer

DE LEMMER

Wa bin ik en wêr bin ik thús? Wenje en wurkje drage by oan de foarming fan ús identiteit. Dêrom spilet Tryater Doarp Europa op plakken dêr’t minsken har eigen fiele: yn húskeamers én by bedriuwen. Op freed 16 novimber om 20:00 oere is Doarp Europa te sjen by Polem BV op ‘e Lemmer. De parse oer Doarp Europa: ‘Prachtig vormgegeven, onderhoudend, weinig pretentieus, diep betekenisvol en een mienskip-stuk pur sang. Een ode aan het dorp, de dorpeling als wereldburger en een alzijdige verbinding. Kippenvel.’ skreau Wiggele Wouda yn it Friesch Dagblad

Húskeamerfoarstelling by Thijs de Boer en Ank Schotte

Op woansdei 31 oktober spilen 3 fan de 9 spilers fan Doarp Europa, Romke Gabe Draaijer, Eva Meijering en Beppe Costa, in húskeamerfoarstelling by Thijs en Ank op de Schorpioen op ‘e Lemmer. De keamer siet mei 38 taskôgers mear as fol. ‘Het was een schitterende voorstelling met een geweldige interactie met het publiek’, zeiden ze allemaal.

Foarstelling by Polem BV mei blinetolk

Op freed 16 novimber om 20:00 oere binne alle 9 spilers te sjen yn de ‘grutte’ foarstelling Doarp Europa by Polem BV oan de Industrieweg 7 op ‘e Lemmer. De foarstelling dy’t op tongersdei 15 novimber ek spile wurde soe by Polem komt te ferfallen. Op freed 16 novimber is der by de foarstelling ek in blinetolk fan stichting ‘Komt Dat Zien’ oanwêzich. De blinetolk fertelt minsken mei in fisuele beheining fia in koptelefoan live wat der op it toaniel bart.

Oer Doarp Europa

Yn Doarp Europa sjogge we in doarp, oan ‘e rivier, op ‘e flakte of oan ‘e foet fan in berch. Wikseljende settingen mei deselde archetypen, minsken dy’t harren op in bepaalde wize ta mekoar ferhâlde. Elk fan de spilers nimt it publyk mei yn in eigen perspektyf fan syn of har syktocht nei it thúsgefoel, mei ferskillende talen fan Europa en fan teater.

Freed 16 novimber om 20:00 oere by Polem BV. Kaarten binne te keap fia www.tryater.nl of 058-2559330 (ti. en to. 14:00-17:00 oere).