Sealskin Blikstiender spilet Fryslân Heite

LEMMER

In de theaterzaal van De Hege Fonnen speelt het Lemster gezelschap Blikstiender de Friestalige voorstelling ‘Fryslân Heite’.

It Lemster selskip Blikstiender is yn jannewaris 2016 fan start gien. It bestiet út 12 persoanen: muzikanten en spilers / sjongers. It programma ‘Fryslân Heite’ is in fleurich Frysktalich programma mei sketskes en lietsjes. It is, om sa mar te sizzen, in tiidreis fan twa kear 45 minuten troch de skiednis fan Fryslân. Hjiryn wrdt mei in knipeach sjoen nei markante foarfallen en persoanen út de rike Fryske histoarje. Mar ek it heden en de takomst wurde tsjin it ljocht holden. Dit alles sawol op earnstige as komyske wize.

Sketskes en lietsjes wikselje elkoar yn in fl ot tempo ôf en wurde ûnderstipe troch ljochtbylden mei tekeningen fan Wim Swart. De teksten en de muzyk binne skreaun troch Stoffel Zandstra. Kombo: Bea Berman – akkordeon, Klaas Lemstra – keyboard, Tineke van Dijk - tenoar saksofoan en Frans Lemstra – tromboane. Sang en spul: Tineke Speerstra, Greet Douma, Jaap Frankema, Tineke Warringa, Klazien Cuiper, Popke Haga, Atjerie Sieperda en Stoffel Zandstra (+ gitaar).

Zaterdag 21 Oktober (20.00 uur) en Zondag 22 Oktober (15.00 uur). Entree: € 15,00 inclusief pauzedrankje.


Auteur

Redacteur