Ursi Frehner beëdige as Steatelid foar D66

LEMMER

Ursi Frehner fan Bantegea is hjoed troch de fise-foarsitter fan Provinsjale Steaten beëdige ta steatelid foar D66. Hja is beneamd yn it plak fan it tuskentiids ôfgeande lid Marieke Vellinga-Beemsterboer.

Ursi Frehner (54) wie sân jier fraksjefoarsitter fan D66 yn Lemsterlân. Hja is op it stuit aktyf as kommisjelid yn de gemeente Fryske Marren. Frou Frehner is troud en mem fan twa folwoeksen bern. Hja hat in kommunikaasjeburo op it mêd fan tekst- en foarmjouwing. Se is opgroeid yn Switserlân mar wennet al wer 33 jier yn Fryslân. Marieke Vellinga hat sûnt maart 2015 diel útmakke fan Provinsjale Steaten. Hja hat har sit ta beskikking stelt no’t se fraksjefoarsitter fan har partij wurdt yn de gemeente Súdwest-Fryslân.

Auteur

Brenda van Olphen