Achmea Culpa met ‘Kredyt’

Lemmer

In de teaterseal fan De Hege Fonnen spilet it selskip Acmea Culpa de foarstelling Kredyt. Kredyt is de opfolger fan de suksesfolle kroechteaterstikken Katarsis, Kredo en Krimp.

Kredyt komt fan it Latynske Credere en betsjut ‘leauwe of tabetrouwe’. Neidat Knilles yn ‘Katarsis’ syn dochter kwyt rekke is, giet hy de wrâld yn om te sykjen nei ien fan de âldste hynderrassen: de Ahalteke, it gouden hynder. Op it Amelân rint noch neiteam fan dit edele bist. Hy komt werom yn it kafee om hjir oer te fertellen. Hy moetet de Twentske Hettie, dy’t in boek skriuwt oer in Fryske artyst dy ’t se hertstochtlik adoreard. De politiker, Peke van der Klamp, nimt al fêst wat kredyt op de demokrasy. It moaist soe wêze as Hettie sjocht hoe linich hy him hjir troch hinne slacht. Jabke, it fleksibel postkantoar, sorteart de post yn it kafee. Wat net bestiet hoecht ek gjin post te krijen. Sa folle minsken, sa folle ferhalen. Yn ‘Kredyt’ komme se by elkoar yn kafee De Bûnte Bok. Kredyt is skrean roch Gerrit Breteler en wurd spile troch Anke Bijlsma en Gerrit Haaksma.

Sneon 4 Februaris yn teater De Hege Fonnen (De Lemmer). Oanfang: 20.00 ûre. Yntree: € 15,00 (inkl. Skoftslokje). Foarferkeap: Primera Lemmer. www.achmeaculpa.nl


Auteur

Redacteur