Agenda | Fryske jûn Bibliotheek De Lemmer

Lemmer

Skriuwer Popke Popma en ferhaleferteller Douwe Kootstra fersoargje freed 12 febrewaris in literêre jûn yn’e biblioteek yn de Lemmer.

It is foar it earst dat Popma en Kootstra tegearre in literêre jûn fersoargje. Popma sil oer syn twadde boek Skerp Ark en syn skriuwerskip ynterviewd wurde troch Douwe Kootstra. Fansels fertelt Kootstra ek in pear moaie ferhalen. Popma lêst fragminten út Skerp Ark. Ek it publyk krijt gelegenheid om de auteur te befreegjen. Popke Popma wie direkteur fan basisskoalle De Wynbrekker yn Eastersee. Hy hat in tal wurken op syn namme stean: lykas ”Verhalen over Lemsterland in de Tweede Wereldoorlog” tegearre mei Koen Zondag en “As in faas mei blommen”, skiednis fan Eastersee, mei oaren. 
De lêste pear jier binne twa plysjeromans fan him ferskynd. Beide boeken spylje yn in marregebiet. De auteur hat grutte niget oan skiednis, in part fan de Twadde Wrâldoarloch spilet yn syn twadde plysjeroman Skerp Ark ek in grutte rol. Douwe Kootstra is al sa’n tritich jier ferteller fan allerhanne soarten sterke ferhalen. Hy skreau ek boeken mei reisferhalen, hat in column yn it blêd fan it Fryske Gea en en wie lang te hearren as kommintator by Omrop Fryslân. As ynterviewer is er yn it sâlt bebiten. Hy ûnderfrege ûnder oaren skriuwers as Simon Carmiggelt, Theun de Vries en Durk van der Ploeg. Kootstra wie fan 1975 oant 1980 ûnderwizer oan de basiskoalle yn Eastersee.

Auteur

Brenda van Olphen