Agenda | Publyksfavoryt Heimwee nei Hurdegaryp werom by Tryater

Lemmer

It rûken fan krekt meand gers, it roppen fan bern op it skoalplein, sleatsjespringe, beltsjedrukke, aaisykje, in ferske fan BZN: Hoe is it om wei te wurden yn swiete oantinkens, pynlik langstme en de wyn waaie te litten as yn de tiid fan doe? Dêr giet Heimwee nei Hurdegaryp fan Tryater oer.

Yn 2013 wie Heimwee nei Hurdegaryp te sjen op Oerol en yn 2014 spile Tryater de foarstelling yn harren eigen gebou. Der wie in protte fraach nei de foarstelling en no giet Heimwee nei Hurdegaryp fan 3 febrewaris oant en mei 26 maart by de teaters en sealen yn Fryslân del. Regisseur Tatiana Pratley (opgroeid yn Hurdegaryp) en akteurs Lourens van den Akker (opgroeid yn Oerterp) en Eelco Venema (opgroeid yn Koudum) makken de foarstelling yn 2013 by Tryater. De repetysjes begûnen se mei in grut fel wyt papier. Dêr kamen oantinkens op te stean as ‘Ter land, ter zee en in de lucht’, ‘Datsun’, ‘BZN’, ‘Peter Maffay’. Dy herinneringen waarden útwurke ta sênes. ‘Je reconstrueert je leven om je eigen identiteit te vormen,’ seit Tatiana. ‘In de repetities hebben we volop herinneringen opgeroepen, gepolijst en benoemd, met veel humor en ‘o ja’-momenten.’ En de herinneringen blike universeel. Want of it publyk no 60 of 30 jier âld is, de sênes reitsje by harren allegear oan bylden, sitewaasjes en anekdoates út harren eigen ferline. Neiprate kin yn kafee Heimwee, want Tryater bouwt de foyers fan de teaters en sealen om nei de keamer fan pake en beppe, mei sjoelbak en sanseveria. Sneon 13 febrewaris 20:00 De Hege Fonnen De Lemmer, kaarten: Wereldwinkel Lemmer, 0514-563584.

Auteur

Brenda van Olphen